Nije wykeinskoalle yn Ljouwert

10 nov 2013 - 16:01

Yn Ljouwert is snein de Weekendschool Baljée snein offisjeel iepene. De skoalle is in oanfolling op it gewoane ûnderwiis, spesjaal foar bern dy't fan hûs út minder kânsen krije. Alle wiken komt der in nije gastdosint om de bern wat te learen of se mei te nimmen nei it eigen wurkplak.

Der is in soad belangstelling foar de skoalle. Der is plak foar 25 bern, wylst der 45 bern oanmeldings binne. De bern dy't no bûten de boat falle, kinne takom jier meidwaan. De wykeinskoalle wurket mei in leartrajekt fan trije jier.

De wykeinskoalle hat gjin eigen skoalgebou. Sa sitte se op snein altyd yn de lokaasje Maneezje fan it Stêdlik Gymnasium yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)