Wüst twadde, Leenstra fjirde

Lotte van Beek wûn de 1500 meter, Ireen Wüst waard twadde © ANP
Ireen Wüst hat sneon op de twadde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Calgary it sulver pakt op 'har' 1500 meter. Wüst moast mei har tiid fan 1.53,30 allinnich Lotte van Beek foargean litte. Van Beek klokte in winnende tiid fan 1.52,95 en pakte dêrmei har earste wrâldbekerwinst. It brûns wie foar Martina Sábliková mei 1.54,44.
Marrit Leenstra fan Wikel einige krekt njonken it poadium mei 1.54.59. Lang like it in folslein Nederlânsk poadium te wurden, mar yn de slotronde joech Leenstra mei twa sekonden ferfal te folle ta en waard se fjirde.