Kopstjit foar bemiddeler rûzje

In man fan 21 út Achlum is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar mishanneling fan in 19-jierrige Snitser. De Snitser hie besocht in rûzje tusken in freon fan him en de fertochte út Achlum del te bêdzjen. Doe joech de Achlumer de Snitser in kopstjit en dy foel mei in bliedende noas achteroer. De fertochte stapte dêrop yn in taksybuske.
De plysje hat it buske by Nijlân oan 'e kant fan de dyk set en de man oanhâlden.