Cambuur sakket nei 16e plak

SC Cambuur is troch in nederlaach sakke nei it 16e plak yn de earedivyzje. Dat plak betsjut oan de ein fan it seizoen neikompetysje. ADO Den Haach gong op de ranglist oer Cambuur hinne troch in fertsjinne 3-0 oerwinning.
ADO wie fûler en kaam troch in skot fan Gehrt dat troch Leeuwin fan rjochting feroare waard op 1-0. Yn de 32e minút gong de wedstriid eins al op slot troch in goal fan Van Duinen. Yn 71e minút waard in skot fan Gehrt wer troch âld-ADO-spiler Leeuwin fan rjochting feroare. Dat brocht de einstân op 3-0.
Cambuur stiet no 16e mei 12 punten út 13 wedstriden. ADO Den Haach hat ien punt mear en in wedstriid minder spile.