LDODK pakt punt tsjin Dalto

De kuorballers fan LDODK binne it nije seizoen yn 'e kuorballLeague goed úteinset. Yn Driebergen waard yn in spektakulêr duel mei 27-27 lykspile tsjin Dalto. Flak foar de ein stie de thúsploech mei 27-25 foar, mar troch twa goals fan Erwin Zwart yn de lêste minuten koe in swierbefochten punt mei nei De Gordyk werom naam wurde. Alle spilers fan de ploech fan coach Jan Sjoerd Pool wisten te skoaren, Erwin Zwart waard topskoarder mei 9 goals. Sneon spilet LDODK de earste thúswedstriid tsjin lânskampioen PKC út Papendrecht.