Frontale botsing op N31 Harns

09 nov 2013 - 23:12

Op de N31 by de Harns is sneontejûn by in frontale botsing tusken twa auto's ien autobestjoerder ferwûne rekke. It ûngelok barde krekt nei achten by de Keningsbrêge. It slachtoffer rekke troch de klap beknypt. De man is troch de brânwacht út de auto weihelle. Dêrnei waard er mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De bestjoerder fan de oare auto kaam mei de skrik frij. Oer de krekte oarsaak fan it ûngelok en de identiteit fan de beide bestjoerders koe de plysje sneontejûn noch neat kwyt.

It ferkear op de N31 tusken Harns en Surch is fanwege ûndersyk tydlik omlaat.

Trefwurden: 
Harns ûngelok N31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)