Follybalfroulju hurd ûnderút

09 nov 2013 - 22:39

De froulju fan VC Snits hawwe sneon foar it earst dit seizoen ferlern. Yn eigen hal waard it team fan coach Petra Groenland mei 3-0 oan de kant set troch de nûmer 5 út de earedivyzje Peelpush. De Limboargers pakten de earste beide sets mei minimaal ferskil, 25-23 en 26-24, mar yn de tredde set wie Peelpush superieur mei 25-17.

In pear diskutabele besluten fan de skiedsrjochters foelen út yn it neidiel fan VC Snits, mar it nivo fan de earste fiif duels waard te min helle om oanspraak te meitsjen op in oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)