De Keet yn premjêre

© Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert is sneon de nije Fryske dramarige De Keet yn premjêre gien. Dêr binne twa ôfleverings te sjen fan de searje dy't útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân Televyzje.
De searje, betocht en regisearre troch Mirjam de With, giet oer jongerein yn in keet earne yn Fryslân. Haadpersoan is gongmakker Diede dy't nei in slim ûngelok ferlamme is en net mear prate kin. Lourens van den Akker spilet Diede. De oare rollen wurde spile troch jonge akteurs en troch akteurs fan Tryater.
De earste televyzjeútstjoering fan De Keet is op sneon 4 jannewaris 2014 op Omrop Fryslân Televyzje. Op freed 3 jannewaris wurdt ‘The making of De Keet’ útstjoerd.