Harkemase Boys wint maklik

09 nov 2013 - 16:37
  • Johnsen Bacuna spile mei trije treffers in haadrol
  • Klaas Schotanus mei syn skot fan de middeline

Harkemase Boys hie sneon gjin muoite mei VVOG. Yn Hurderwyk waard mei 6-1 wûn. Johnsen Bacuna sette de Boys op foarsprong. Binnen it kertier stienen ek de 2-0 en 3-0 op it boerd. Bacuna soarge foar de 2-0, wêrnei't Klaas Schotanus mei in prachtige lob fan de middenstip ôf de 3-0 binnenskeat. In tredde treffer fan Bacuna soarge foar de 4-0 rêststân.

Nei in reade kaart foar Arjen Bergsma moasten de Boys nei rêst mei 10 man fierder. Gersinio Constansia en Robin Huisman de Jong makken de 5-0 en 6-0. Ut in penalty tekene VVOG foar de einstân.

It is de 6e oerwinning út 8 wedstriden foar Harkemase Boys, dat op it fjirde plak stiet yn de sneonshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)