Drachtster Boys pakt 3e winst

Drachtster Boys pakte sneon de tredde winst fan it seizoen troch mei 1-0 te winnen fan Staphorst. Op sportpark De Drachtster Bosk wie it lang wachtsjen op de winnende treffer. Yn de 85e minút makke Willem de Jong de iennige treffer en besoarge de ploech fan trainer Fred de Boer dêrmei de folle trije punten. De Jong moast dêrnei lykwols fan it fjild ôf mei in blessuere.
De Drachtsters sammelen oant no ta 12 punten út 9 wedstriden en stiet dêrmei op it achtste plak yn de sneonshaadklasse C.