Knegt pakt brûns op 1500 meter

09 nov 2013 - 15:31
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneon brûns pakt op de 1500 meter by it wrâldbekertoernoai yn Turijn. It is it earste wrâldbekertoernoai foar de Bantegeaster dy't yn augustus operearre is oan 'e knibbel. De wrâldbekerwedstriid jildt as kwalifikaasjetoernoai foar in ticket foar de Winterspelen yn Sotsji. Mei in plak yn de finale foldie Knegt oan de Nederlânske easken foar foarmbehâld fan sportkoepel NOC*NSF.

De winst op de 1500 meter gong nei de Súd-Koreaan Han-Bin Lee. It sulver wie foar de Amerikaan John-Henry Kruegger.

Foar in Olympysk ticket is twa kear in plak by de bêste 36 nedich. Nije wike is it twadde toernoai yn Kolomna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)