Stimpassen net oankaam yn Grou

Yn Grou hawwe inkelde tsientallen minsken gjin stimpas krige foar de ferkiezings fan takom woansdei. It giet yn alle gefallen om bewenners fan de Dimpte Haven, de Haadstrjitte en it Mûnepaad. De gemeente koe sneon noch gjin reaksje jaan op de kwestje.
Neffens de kieswet kinne boargers op syn lêst twa wurkdagen foar de ferkiezings in nije stimpas oanfreegje by de boargemaster, as se gjin stimpas krige hawwe. Boargers moatte minimaal fjirtjin dagen foar de ferkiezings in stimpas yn de bus krige hawwe, sa is by de wet fêstlein.
Grou leit yn de gemeente Boarnsterhim dy't opgiet yn de gemeente Ljouwert. Boargemaster Crone fan de gemeente Ljouwert seit dat de ferkiezings woansdei gewoan trochgean kinne. Hy jout de minsken dy't no noch gjin stimpas hawwe, it advys om sa gau mooglik in nijenien oan te freegjen. Dat kinne se dwaan troch oankomme moandei it tillefoannûmmer 14058 te skiljen.