058Helpt dielt guod út

09 nov 2013 - 14:35

Minsken dy't alles kwytrekke binne by de grutte brân fan 19 oktober yn Ljouwert kinne sneon allerhanne nij guod krije. It útdielen wurdt regele troch 058Helpt. De aksje waard fuortendaliks nei de brân op tou set. Minsken koene op ynternet guod oanbiede en de slachtoffers mochten op basis fan foto's wat útkieze. Dat wurdt dêrnei delbrocht troch frijwilligers. Mei de aksje fan dit wykein wurde likernôch tsien dupearren holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)