GGD komt mei tips tsjin kjeld

GGD Fryslân © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
De GGD Fryslân komt woansdei mei tips oer hoe't je mei de kjeld fan dizze dagen toch waarm bliuwe kinne. De sûnenstsjinst advisearret minsken om bûtendoar in mûtse op te dwaan en meardere lagen klean oan te dwaan.
Om yn 'e hûs waarm te bliuwen is it belangryk om binnendoar yn beweging te bliuwen. Foaral âlderen, sike minsken en lytse bern kinne problemen mei de kjeld krije, as der net goed tocht wurdt om waarme klean en genôch iten en medisinen yn 'e hûs.