Brêge Burdaard moat opknapt

09 nov 2013 - 12:21
  • Burdaard

De gemeente Ferwerderadiel hat der in grutte kostepost by. De brêge yn it sintrum fan Burdaard hat ferlet fan in grutte opknapbeurt, en dat moat 360.000 euro kostje. De brêge is tritich jier âld. Hy hat al dy tiid noch nea in grutte opknapbeurt hân.

De measte kosten gean op oan de ferfanging fan de brêgebestjoering. Nei alle gedachten wurdt de brêge takom maitiid revisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)