SC Hearrenfean wint fan RKC

Sportklup Hearrenfean hat freed yn de earedivyzje mei 5-2 fan RKC Waalwijk wûn. Nei in heal oere makke Otigba de 1-0. Hearrenfean wie better, mar pas yn de twadde helte makke de ploech it ôf. Twa penalties fan Alfred Finnbogason, in yntikker fan Finnbogason en in beauty fan in goal fan Hakim Ziyech. By RKC wiene Beauguel en Lamey de doelpuntemakkers.
SC Hearrenfean stiet no njonggende yn de kompetysje en hat noch in wedstriid yn te heljen.