Opknapbeurt monuminten E'werf

Eaststellingwerf wol de 45 gemeentlike monuminten dy't it hat, skjinmeitsje litte en as it nedich is restaurearje. De gemeente jout earlik ta dat de monuminten de lêste jierren net folle oandacht krigen ha.
Dêrom is der sjoen nei hoe't de monuminten der no by steane en hokker in opknapbeurt brûke kinne. Foar it projekt lûkt de gemeenteried 25.000 euro út.