Mem en soan mishannele

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in frou en har soan yn Drachten. De 45-jierrige frou liet tiisdeitemoarn yn de Gjalt de Jongstrjitte mei har soan fan 20 de hûnen út. In fytser makke in opmerking oer de hûnen en doe't ien fan de hûnen op him ôfrûn skopte hy it bist. De frou skopte dêrop tsjin it tsjil fan syn fyts. De man stapte ôf en smiet de frou op de grûn. De soan krige ek skoppen en klappen en foel ek op de grûn.
Fia in burgernetaksje is socht nei de fytser, mar dy is net fûn.
Tsjûgen kinne har melde by de plysje. It giet om in blanke man fan ûngefear 40 jier op in swarte fyts mei fjouwerkante fytstassen.