Nij sintrumkompleks yn Burgum

Yn Burgum wurdt begjin takom jier úteinset mei de bou fan in nij kompleks yn it sintrum fan it doarp. It gebou komt op de hoeke fan de Merk en de Kûperstrjitte. It kompleks sil ûnderdak jaan oan in Jumbosupermerk en in Actionwinkel. Fierders komme der apparteminten yn it gebou. In diel dêrfan is fan soarchorganisaasje Talant. De bedoeling is dat de nije supermerk ein takom jier de doarren iepenet.
De gemeente Tytsjerksteradiel ferwachtet dat troch de nijbouplannen mear minsken nei Burgum komme sille. Der komme ek mear parkearplakken.