'Regionale reizger is de dupe'

08 nov 2013 - 13:47

Ferfiersbedriuw Arriva en de provinsje binne poer op steatssekretaris Mansveld. Dy sei tongersdei dat se net fan doel is de aksyns-ferheging op reade diesel werom te draaien. Neffens direkteur Hettinga fan Arriva treft dat syn bedriuw en de reizgers yn it iepenbier ferfier yn de lanlike gebieten yn it hert.

Hettinga snapt net dat Mansveld de maatregel trochsette wol. Deputearre fan ferkear Johannes Kramer is it dêr folslein mei iens. Hy sil der mei fiif oare provinsjes alles oan dwaan om de maatregel fan tafel te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)