Knibbelblessuere nekt Hemmen

Cambuurspits Michiel Hemmen is net by de wedstriid tsjin ADO Den Haach. Hy hat in dikke, blauwe knibbel. Hemmen hat de hiele wike net meitraind. Lucas Bijker hie fan 'e wike gryp. Hy is tongersdei nei hûs ta stjoerd. Freed hat Bijker apart meitraind. Hy ferwachtet no wol wer meidwaan te kinnen. El Makrini wie ek net hielendal fit, mar hy kin wol gewoan spylje.
De wedstriid tsjin ADO Den Haach is in wier degradaasjeduel. ADO stiet 16e en Cambuur 15e.