Wildschut en Nwofor misse RKC

Hearrenfean moat it freedtejûn yn de wedstriid tsjin RKC dwaan sûnder Uche Nwofor en Yanic Wildschut. Beide oanfallers binne blessearre. De kâns is grut dat Slagveer en Van La Parra op de flanken fan de oanfal spylje. Hearrenfean hat de lêste trije wedstriden yn de kompetysje ferlern. Dus is RKC Waalwijk, de nûmer ien nei lêst, in ideale tsjinstanner. RKC hat lykwols de lêste wiken in goede foarm en pakte flink wat punten.
Trainer Marco van Basten sit net op de bank, mar op de tribune. Hy is skorst is fanwege de reade kaart tsjin Utrecht.