Militêre oefening Lauwersmar

F16 © ANP
Op militêr oefenterrein De Marnewaard by Lauwerseach wurdt fan moandei oant en mei freed 15 novimber in militêre oefening hâlden. Der sil flein wurde tusken trije oere middeis en alve oere jûns. Op freed wurdt der flein tusken njoggen oere moarns en ien oere middeis. De militêren op de grûn moatte oer de radio oanwizings jaan oan de piloaten fan de jachtfleantugen oer it plak dat oanfallen wurde moat.
De fleantugen fleane minstens op 75 meter boppe it oefenterrein Marnewaard. Yn de rest fan it oefengebiet sil dat 500 meter wêze.
Foar it Waadgebiet en it Natura 2000-gebiet fan 'e Lauwersmar jilde hegere flechthichtes as 500 meter.