Fries deadlik ferûngelokke

In ynwenner fan Weidum is tongersdei om it libben kaam by in ûngelok yn Middenmeer (Noard-Hollân). De 27-jierrige man kaam om kertier foar seizen middeis op syn scooter yn botsing mei in trekker. De frou dy't by him achterop siet, rekke swier ferwûne. It giet om in 29-jierrige ynwenster fan St. Jabik. Troch de klap kaam de bestjoerder yn 'e sleat telâne. De frou bedarre yn in stik greide.
De plysje docht noch ûndersyk nei it ûngelok. De bestjoerder fan de trekker is yntusken heard.