Ien ferwûne by kettingbotsing
By in kettingbotsing op de A7 by Drachten tongersdeitemiddei is in 20-jierrige frou út Grins ferwûne rekke. By de botsing wienen sân auto's belutsen. Op de dyk stie al in file. Nei alle gedachten hat in autobestjoerder dat te let sjoen en is er der boppe-op botst. Utsein de ferwûne frou kamen de oaren mei de skrik frij.
It ûngelok soarge foar in ferkearsgaos yn de rjochting Grins. Ferkear waard tydlik omlaat oer Oerterp en Fryske Peallen. Bergers moasten de auto's fuortslepe. Wat de oarsaak fan it ûngelok west hat, is noch net bekend.