Projekt teaterkafee mislearret

Mei noch in wike te gean liket it crowdfunding-projekt foar it teaterkafee yn Snits te mislearjen. It projekt rint no goed 4 moanne en der is 80.000 euro ophelle. Dat is goed 200.000 euro minder as it bedrach dat de inisjatyfnimmers nedich hawwe.
Dat soe betsjutte dat de grutte dream fan de gemeente en fan teaterdirekteur Ben van der Knaap net trochgiet. Dy woenen hiel graach dat der in hoarekagelegenheid komme soe, dy't ferbûn is oan it nije teater yn de stêd. Inisjatyfnimmer Freek Kramer is al oan it neitinken oer alternativen.