Fryske ûnderwiistoer Pechtold

Pechtold op kampanje © Omrop Fryslân, Andries Bakker
D66-fraksjefoarsitter Alexander Pechtold komt moandei 11 novimber nei Fryslân foar syn ûnderwiistoer. Tegearre mei Twadde Keamerlid Magda Berndsen sil Pechtold in besite bringe oan it Friesland College yn Ljouwert. Hjir giet er mei studinten en ûndewiiseksperts yn diskusje oer de fraach oft it technyske MBO wol oanslút op de lokale arbeidsmerk.
Dêrnei geane de Keamerleden nei it FrieslandCampina-lab, dêr't se in rûnlieding krije fan âld-studinten fan de oplieding Life Sciences. De dei wurdt ôfsletten mei in polityk kafee op It Hearrenfean.