Finnbogason yn aksje by Yslân

Alfreð Finnbogason © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Bûnscoach Lars Lagerbäck fan Yslân hat Alfred Finnbogason fan SC Hearrenfean oproppen foar de play-off wedstriden tsjin Kroäsië foar it WK fuotbal yn 2014. Finnbogason is net de iennige fuotballer út de Nederlânske earedivyzje dy't yn it Yslânske alvetal yn aksje komme sil. Ek Jóhann Berg Gudmundsson fan AZ, Victor Pálsson fan NEC en Kolbeinn Sigthórsson fan Ajax binne oproppen.
Yslân spilet op 15 novimber earst thús en komt fjouwer dagen letter yn aksje yn Kroäsië. It twadde duel stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Björn Kuipers.