Goede start foar Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt is der tongersdei by it earste Olympyske kwalifikaasjetoernoai yn Turijn yn slagge om him te pleatsen foar de kwartfinales op de 1500 meter. Foar de Bantegeaster wie it syn earste wrâldbekerwedstriid sûnt de operaasje oan syn knibbel yn augustus. Nije wike is it folgjende wrâldbekertoernoai yn it Russyske Kolomna. Knegt moat twa kear in plakje by de bêste 32 helje om him te kwalifisearjen foar de Olympyske Winterspelen yn Sotsji takom jier. Daan Breeuwsma pleatste him op de 500 meter foar de achtste finales.
Rianne de Vries oerlibbe ien kwalifikaasjerace, dêrnei wie it dien.