Nije lieding H'fean benadere

De kommisje Vaessen en Koopmans ha alle minsken foar de nije lieding fan Sportklup Hearrenfean benadere. Jelko van der Wiel is frege foar de funksje fan foarsitter. Yn de lieding fan it deistich bestjoer is Hans Vonk yn byld foar de funksje fan technysk direkteur, mar de petearen mei SC Hearrenfean ferrinne dreech.
De oare direksjeleden dy't benadere binne, binne Wim Dijk en Ben Takkenberg. Dijk is direkteur fan sauzefabrikant Oliehoorn. Takkenberg siet al yn de klachtekommisje fan Hearrenfean en wurket by de Nasjonale Plysje.
Egon Diekstra, CEO fan marketingbedriuw Hamilton Bright, âld-Hearrenfeanspiler Jaap Schuurmans en akkountant Geert Pieter Vermeulen nimme de tafersjochplakken yn.