Folle mear ikeprosesjerûpen

07 nov 2013 - 14:32
  • Ikeprosesjerûpen

Der binne twa kear safolle ikeprosesjerûpen yn de provinsje as ferline jier. Dat is soarchlik, neffens biologe Silvia Hellingmann. Tongersdei binne yn Easterwâlde resultaten fan in ûndersyk presintearre dat fan 't simmer útfierd is. Yn in tal Fryske gemeenten en yn Drinte, Grinslân en de Noardeastpolder binne de flinters dy't út de rûp komme fongen en teld. Rûpenêsten binne fuorthelle. Yn Drinte binne fjouwer kear safolle rûpen.

It hier fan de ikeprosesjerûp feroarsaakje hûdklachten. De nêsten wurde fuortsûge of ferdylge.

Mei it each op rekreaasje en toerisme is de bestriding fan de rûp fan grut belang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)