Lutz Jacobi: teloarstellend

07 nov 2013 - 12:40

PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fynt it teloarstellend dat der net in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de lûdsoerlêst fan de JSF. Nei in 12 oeren lang debat stimde de Twadde Keamer woansdeitejûn yn mei de oanskaf fan de JSF. De PvdA-fraksje joech ek grien ljocht foar de Joint Strike Fighter, mar wol mei de betingst dat besteande lûdsnoarmen perfoarst net oprekt wurde meie.

Ut mjittings hat oant no ta bliken dien dat de JSF folle mear leven makket as de F16. Omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert hawwe dêr grutte soarch oer.

Trefwurden: 
PvdA Lutz Jacobi JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)