Wieling fynt krityk spitich

Wiebe Wieling
Wiebe Wieling, foarsitter fan it Stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean, fynt it spitich dat Robert van der Werf mei syn krityk nei bûten komt. Van der Werf is ynterim-sjef fan de kommersjele ôfdieling en is opstapt, omdat hy it net iens is mei de gong fan saken by Hearrenfean. Hy fynt dat Riemer van der Velde tefolle ynfloed hat en is net iens mei de nije struktuer fan it nije bestjoer.
Wieling wol fierder net ynhâldlik reageare, omdat de klup midden yn it proses sit om de organisaasje gear te stallen.