Drankrider makket brokken

07 nov 2013 - 12:02

In 51-jierrige frou fan It Hearrenfean hat woansdeitejûn in ûngelok feroarsake en is dêrnei trochriden. De automobiliste, dy't ûnder ynfloed fan alkohol wie, ride op de Haskerútgong yn har wenplak in te romme bocht en rekke de auto fan in 48-jierrige man fan It Hearrenfean.

It slachtoffer en in tsjûge hawwe de frou letter oanhâlden en 112 belle. De plysje hat har rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
drankrider It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)