Drokte flaggefabryk nei stoarm

07 nov 2013 - 11:43

De stoarm fan ferline wike moandei hat de Dokkumer Flagge Sintrale flink wat wurk oplevere. Troch de wyn waaiden ferskate flaggemêsten om en rekken flaggen stikken. It bedriuw hat dêrtroch de ôfrûne dagen sa'n 10% mear produkten levere as gewoanwei. It giet dan ûnder oare om flaggen dy't opnij drukt wurde moasten, mar ek om ûnderdielen fan flaggemêsten.

De opdrachten kamen benammen út de omkriten fan Dokkum en út de strook by de Fryske kust lâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)