Nije agressive babbeltrúk

07 nov 2013 - 10:06

Yn Sint Nyk en mooglik ek yn Balk binne âlderen slachtoffer wurden fan babbeltrúks. In frou fan tusken de 40 en 50 jier belle op de Statsjonsstrjitte yn Sint Nyk oan by in frou fan 78. Mei de smoes dat de alarmknop, dy't it slachtoffer om de nekke hie, ôfgong wie, is de fertochte binnen kaam.

Tagelyk mei it ôfdwaan fan it alarm, waard ek in gouden ketting ôfpakt. De plysje tinkt dat der noch mear slachtoffers fan dizze frou binne en ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)