Oeuvrepriis Pieter Verhoeff

07 nov 2013 - 10:04

Filmregisseur Pieter Verhoeff fan De Lemmer hat woansdei op it Noardlik Film Festival in priis krigen foar syn folsleine oeuvre. Neffens de sjuery fertsjinnet it wurk fan Verhoeff de Matad'or oeuvrepriis om't er mei syn produksjes in protte nije Fryske en Nederlânske filmmakkers ynspirearre hat.

Verhoeff is skriuwer en regisseur fan ûnder oare de films Nynke, De Dream en De Brief voor de Koning. Pieter Verhoeff hat mei syn wurk ferskate Gouden Kalveren wûn.

Dêrneist wie hy ek de earste Nederlânske filmmakker dy't in spylflim yn in streektaal doarde te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)