Grien ljocht foar JSF

De Twadde Keamer hat woansdei grien ljocht jûn foar de oanskaf fan de JSF. Nei lang oerlis hat de PvdA syn stipe útsprutsen. Tiisdei hawwe fertsjintwurdigers út regio's fan de fleanbasis fan Ljouwert en Volkel noch in petysje yn Den Haach oanbean dêr't se yn skriuwe dat der earst mear dúdlikheid komme moat oer it lûd fan de JSF.
De Nederlânske polityk basearret him op sifers út 2009. Dêrút docht bliken dat de JSF 3 oant 6 desibel mear lûd makket as de F16. Nije sifers út septimber sizze lykwols dat it 21 oant 22 desibel mear wêze soe.