Mansveld: alternativen disel

07 nov 2013 - 06:47

Steatssekretaris Wilma Mansveld giet yn petear mei de provinsje oer alternativen foar diseltreinen. Se docht dit nei in brânbrief fan Fryslân en fjouwer oare provinsjes oer de ôfskaffing fan it belestingfoardiel op reade disel.

Dêrtroch moat ferfierder Arriva allinnich al dit jier hast 600.000 euro mear betelje foar de brânstof. De priis fan treinkaartsjes yn Fryslân driget dêrom mei 30% omheech te gean, warskôge deputearre Johannes Kramer earder al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)