Comeback Noardlik Film Festival

06 nov 2013 - 21:58

It fernijde Noardlik Film Festival hopet dit jier op in suksesfolle comeback. Ferline jier gie it filmfestival net troch om't it filmhûs ferhuze nei it nije Fries Museum op it Saailân. Troch dat tuskenjier is it foar de organisaasje fan it festival dit jier ekstra spannend. Yn 2011, by de lêste edysje kamen der goed 23.000 minsken op de films ôf. Dit jier hopet de organisaasje yn elk gefal opnij de 20.000 te heljen. Woansdeitejûn gie it festival fan start mei films yn De Harmonie en yn by it Slieker Filmhûs yn it Fries Museum.

De iepeneningsfilm wie mei 800 kaarten útferkocht, mar hoe't it fierder giet mei de kaartferkeap is noch net bekend. Ferdield oer fiif dagen sille der mei-inoar 150 films draaid wurde yn de Harmonie en it Slieker Filmhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)