Spoarwegen yn Alvestêdesfear

Wylst de Alvestêderûte noch iepen leit, draaie de Nederlânske Spoarwegen al waarm foar in Alvestêdetocht. Tiisdeitemiddei waarden tûzenen sjaals útdield op it stasjon fan Ljouwert. Omdat it troch de hurde wyn glûpende kâld wie op it stasjon, wie der gjin reizger dy't de sjaal wegere. Mocht der in Alvestêdetocht riden wurde dan sil de NS safolle mooglik meiwurkers yn it Noarden ynsette. De NS hat dat yn syn draaiboek foar in mooglike tocht der tochten stean.