Soad wurk by Compakboard

06 nov 2013 - 16:55
  • Compakboard

It nije bedriuw Compakboard dat yn 2014 nei It Hearrenfean komt, moat binnen in pear jier wurk biede oan 120 minsken. De omset sil mar leafst 36 miljoen euro wêze. Compakboard is it earste bedriuw dat yn Europa oan de slach sil mei de produksje fan platen dy't makke wurde fan strie. De platen lykje bot op MDF en spaanplaat, mar binne folle miljeufreonliker. Yn it earste jier is der wurk fan goed 50 minsken.

Om't de fraach no al grutter is as it oanbod, is de direksje no al dwaande mei de útwreidingsplannen.

De platen sille yn de takomst ek net allinnich mear fan strie makke wurde, mar ek fan gers en túnbou-ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)