EK Rugby op It Amelân

31 jan 2012 - 21:37

It Europeesk kampioenskip rugby foar froulju wurdt dit jier op It Amelân hâlden. Op 16 en 17 juny stride de Europeeske teams om de titel. Tagelyk wurdt ek it jierlikse Amelanner Beach Rugby Festival hâlden, dat syn tsiende edysje belibbet. Ien fan de spylsters fan it Nederlânsk team, Inge Visser, komt fan It Amelân. Sy hat it rugbyen op it strân by de Amelanner Beach Rugby Seals leard.

De wedstriden foar it EK wurde op de fjilden fan sportferiening Geel Wit spile.

Trefwurden: 
It Amelân rugby EK rugby
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)