'Klups:plicht nei maatskippij'

06 nov 2013 - 16:49

Sportklups soene mear dwaan moatte foar de maatskippij. Benammen de grutte en populêre sportklups. Dat sei minister Asscher fan Sosjale Saken woansdei by in wurkbesite oan Sportstêd Hearrenfean. Hy wie dêr te gast by it projekt De Beugel. Yn dit projekt wurde ûntspoarde jongeren wer op it rjochte paad set. It giet om jongeren dy't gjin oplieding ôfmakke hawwe, net oan it wurk binne en ek gjin útkearing hawwe. De jongeren dogge eins neat. Mei help fan in sportprogramma krije se in twadde kâns.

It sportprogramma hat as doel de jongeren wer in normaal ritme oan te learen en se safier te krijen dat se wer nei skoalle geane of oan it wurk. Neffens minister Asscher soene mear sportklups sa'n programma oanbiede moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)