Wapene oerfal winkel Dronryp

By in supermerk oan de Terp yn Dronryp hat woansdeitemiddei in wapene oerfal west. Twa manlju kamen mei in swart pistoal de winkel yn. Mei in jildbedrach naaiden se te foet út. De plysje omskriuwt ien fertochte as in blanke man fan 25 oant 30 jier mei in swarte sinnebril. De twadde man soe in Poalsk uterlik hawwe, mar mei in Frysk aksint prate. Hy hat in grutte jas oan en in swarte broek. De plysje freget minsken 112 te beljen as se de fertochten sjogge en warskôget om net sels op har ôf te stappen.