Rekôr langste konsert foar SR

Poppoadium Romein, Poadium Asteriks en oplieding D'drive wolle yn desimber besykje om it langste konsert oait te organisearjen. Se dogge dit foar de aksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM. Op 6 desimber moat it konsert begjinne mei in optreden fan De Jeugd van Tegenwoordig. Oare nammen dy't meidogge, binne Stevie Ann, Handsome Poets en it Fries Jeugd Orkest.
It rekôr stiet op 360 oeren, en dat komt del op 15 dagen non-stop muzyk.
De PvdA fan Ljouwert feilt har sinjearre Cambuurbal. De partij wie snein mei de wedstriid tsjin Feyenoord de offisjele balsponsor. Sadwaande mochten sy de bal mei hantekens fan alle Cambuurspilers meinimme. Elkenien kin op Facebook in bod útbringe op de bal. De feiling slút moandei 11 novimber om 16.00 oere.