Ekstra jild foar Omrop Fryslân

06 nov 2013 - 12:10
  • It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert

Omrop Fryslân krijt takom jier en it jier dêrnei 600.000 euro ekstra fan de provinsje. Dêr hat in mearderheid fan PvdA, FNP en it CDA yn provinsjale steaten mei ynstimd. It giet om jild dat bedoeld wie as kompensaasje foar de ryksbesunigings op de Omrop. Dêrfoar hie de provinsje sawol yn 2014 as yn 2015 €700.000 euro frij makke. No't de ryksbesunigings pas yn 2016 yngeane is dat net mear nedich. Dochs giet it grutste part fan it jild nei de Omrop.

It jild is bedoeld foar mediaproduksjes dy't te krijen ha mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)