Rutte fierder op Fryske besite

06 nov 2013 - 11:53

Minister-presidint Rutte brocht woansdeitemoarn in besite oan de winkels oan de Foarstreek. Hy prate mei Ljouwerter ûndernimmers oer de gefolgen fan de ekonomyske krisis. Op it program stiet middeis in besite oan it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean. Dat is it meast duorsume gebou yn Nederlân.

Ek sil Rutte sjen by tsiisfabryk A-ware en yngrediïntefabryk Fonterrra. De minister-presidint begûn syn wurkbesite oan Fryslân al op tiisdei. It stiet yn it ramt fan ekonomyske kânsen foar de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)