Jild nei Rûntsje Lauwersmar

Lauwersmargebiet © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân betellet nochris 330.000 euro ekstra mei oan de útfiering fan it projekt Rûntsje Lauwersmar. It projekt stie faai om't de gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân fanwege besunigings har bydrage fan elk goed 166.000 euro net betelje koenen. De provinsje hat earder al sân ton tasein foar it projekt, mar ferheget dit bedrach mei trije ton. It jild wurdt brûkt om nije fyts- en kuierpaden oan te lizzen yn it Lauwersmargebiet mei it doel mear toeristen te lûken. Wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel is bliid mei it jild.