Ferwûne by botsing Sumar

06 nov 2013 - 09:01

By in oanriding tusken twa auto's yn Sumar binne tiisdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. In 27-jierrige automobilist út Sumar joech op de krusing fan de Koekoekswei mei de Knilles Wytseswei gjin foarrang oan in 49-jierrige plakgenoat, en syn 14-jierrige passazjier. Beide slachtoffers binne mei nekklachten en seare rêch nei it sikehûs oerbrocht. De 27-jierrige bestjoerder kaam mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)